Mear keunst yn Fryslân

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân sil tenei faker keunstners ynsette by it ynfollen fan de iepenbiere romte. En dan giet it bygelyks om romte njonken de grutte diken. Dat sei deputearre Adema juster by de bekendmakking fan de winners fan de priisfraach Poarten fan Fryslân.
By dy priisfraach koene minsken in keunstwurk betinke foar by de grins mei Fryslân. In goeie 200 ynstjoerings waarden werombrocht ta seis priiswinners.