Saak Alves foar tuchtkommisje

25 jul 2008 - 16:38
  • AZ en H'fean om Alves foar tuchtkommisje

SC Hearrenfean en AZ moatte op 11 septimber foar de tuchtkommisje fan de KNVB ferskine. Se moatte útlizze wêrom't se oer de transfer fan Afonso Alves saken dien ha mei saakwaarnimmers sûnder lisinsje. Neffens de regleminten mei dat net. Yn desimber tekene Alves in kontrakt by AZ en woansdei is bepaald dat dat kontrakt net jildich is om't de saakwaarnimmer gjin lisinsje hie.

Sûnt ein jannewaris spilet de spits foar it Ingelske Middlesbrough.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)