Noch mear jild foar Ljouwert

25 jul 2008 - 10:39

De gemeente Ljouwert hat nochris 300 tûzen euro krigen fan minister Ella Vogelaar. Dat jild mei de gemeente útjaan om ferskate wiken yn de stêd op te knappen. Bewenners fan de wyk meie sels projekten yntsjinje en meitsje dan kâns op in weardebon fan 5000 euro. Dat kinne se dan besteegje oan harren idee.

Bysûnder oan dit jild is dat it net allinnich bedoeld is foar de saneamde Vogelaarwyk Heegterp-Schieringen mar oeral yn de stêd útjûn wurde mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)