Deade man fan sylboat helle

25 jul 2008 - 10:13

De Flylanner rêdingsboat hat tongersdei in deade man fan in sylboat by it eilân helle. De frou fan it slachtoffer hie alarm slein neidat har man net goed wurden wie. In marinehelikopter mei oan board in dokter waard nei de boat stjoerd.

De boat wie stjoerleas en dus wie it dreech om oan board te kommen. Dat slagge troch de dokter ôf te setten op de rêdingsboat en dêrnei oerstappe te litten op de sylboat. De dokter koe de man lykwols net mear helpe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)