Jacob Scherjon bêste yn Drylts

© Omrop Fryslân
Junior Jacob Scherjon fan Burgum wie tongersdei de grutte man by it fierljeppen yn Drylts. Mei in persoanlik rekord fan 18.93 meter ljepte hy fierder as alle topklassers. By dy topklasers gong de winst nei Ysbrand Galama fan It Heidenskip mei 18.71. Twadde waard Henk Schievink fan Ljouwert mei 18.43.
By de froulju waard Alant Vlieger fan Kollumerpomp earste mei 13.67. Hans Ulco de Boer fan Jutryp wie de bêste by de jonges mei 16.20.