Oanfarring op Koufurdermar

24 jul 2008 - 17:41

Op de Koufurdermar by De Lemmer hat tongersdei in oanfarring west tusken in binnenfeartskip en in sylboat. De twa opfarrenden fan de sylboat út Jiskenhuzen rekken dêrby yn it wetter. Ien fan har bedarre ûnder it binnenfeartskip, mar koe sûnder slimme ferwûnings út it wetter helle wurde. Ek de oare opfarrende rekke net ferwûne.

Neffens de skipper fan it binnenfeartskip stuts de sylboat samar oer. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)