Selstraf foar drugshannel

24 jul 2008 - 16:06

De rjochtbank yn Ljouwert hat 3 manlju út Tytsjerksteradiel feroardield foar kokaïnehannel. De manlju makken diel út fan in drugsnetwurk,dat yn april ûntmaskere waard. Twa manlju krigen in finzenisstraf fan 18 moanne wêrfan 6 ûnder betingst. In 31-jierrige man dy't al 10 jier kokaïne ferkocht oan hingjongeren yn ferskate doarpen yn NE-Fryslân krige 3 jier sel.

De haadfertochten binne al feroardield en yn septimber komme oaren fan de groep foar de rjochter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)