Kabaalbrêge Akkrum oanpakt

24 jul 2008 - 15:02
  • Akkrum hopet dat de brêge no stil is

De gemeente Boarnsterhim tinkt de lûdsproblemen mei de needbrêge yn de Himdyk yn Akkrum oplost te hawwen. Omwenners klagen de ôfrûne tiid oer it leven dat de brêge makket as der in auto oerhinne riidt. Dat leven is der omdat de planken op de brêge los lizze. De gemeente hat se tongersdei mei blokjes fêstsetten.

Mocht dat net de oplossing wêze dan sil nei de boufak mei de oannimmer praat wurde oer in bettere oplossing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)