Minsken út hierhús setten

© Omrop Fryslân
Wenningkorporaasje WoonFriesland hat it ôfrûne jier op 'e nij in soad minsken harren hûs útset om't se de hier net betellen. It giet om hast 80 útsettings allinnich al yn Ljouwert. Mei dat oantal sit de wenningkorporaasje fier boppe it lanlik gemiddelde. Wêrom't it tal húsútsettings hjir sa heech is, is net bekend.
Mei persoanlik kontakt wol WoonFriesland besykje de hierders dy't yn de problemen reitsje te helpen.