Brêge Hinnaard opknapt

© Omrop Fryslân
De brêge yn Hinnaard sil dochs opknapt wurde. De brêge is al in skoft min, der misse grutte hoeken stien en in soad foegen út. De gemeente Littenseradiel woe de brêge ferfange troch in dûker, mar dat woe it doarp net. Doe't bliken die dat in dûker hast like djoer is as it opknappen, hat de gemeente besletten de brêge dochs op te knappen.
It ferskil tusken in dûker of opknappe is 30.000 euro en dat wurdt betelle út in subsydzjefûns.