Bus botst mei lânboumasine

© Omrop Fryslân
In 31-jierrige bussjauffeur út Langwar is woansdei yn Lippenhuzen ferwûne rekke by in oanriding mei in lânboumasine. De sjauffeur ried oer de Sweachsterwei yn de rjochting fan Beetstersweach doe't er de lânboumasine yn de mjitte kaam. De wein rekke de bestjoerderskant fan de bus, wêrtroch't it sydrút stikken gie. De sjauffeur krige glês yn it gesicht en moast nei it sikehûs.
De bestjoerder fan it lânboufoertúch is trochriden.