Swiere mishanneling Warten

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan in swiere mishanneling yn Warten, bard yn de nacht fan freed 4 op sneon 5 july. In man út Burgum rûn nachts út in feesttinte en kaam twa jonges tsjin. Oer en wer foelen der hurde wurden.
Doe't it slachtoffer eefkes letter werom nei de tinte rûn, waard er yn elkoar slein, Hy krige ûnder oare hurde klappen op 'e holle, mar wit der fierder neat mear fan. Wa't wat sjoen hat kin him melde by de plysje