Holwert wint Jong-Feintepartij

© Omrop Fryslân
Holwert hat de 4e edysje fan de Jong-Feintepartij yn Easterein wûn. Yn in spannende finale bleaunen Gert-Anne van der Bos, Jacob en Rudolf Soepboer Wytmarsum de baas mei 5-4, 6-4. Oan de kant fan Wytmarsum koe Jacob Zaagemans net folút keatse, om't hy healwei de keatsdei in eachblessuere oprûn hie.
Ut in list fan 26 partoeren wiene der tredde prizen foar Dronryp en Wommels.