Akkrum baalt fan needbrêge

23 jul 2008 - 20:08

Ynwenners fan Akkrum binne net bliid mei de needbrêge yn de Himdyk by Akkrum. De brêge is gefaarlik en makket tefolle leven. Oer de brêge meie allinich mar auto's ride. Probleem is lykwols dat dat net bart. Elkenien fyts en rint oer de brêge hinne. Dêrby komt ek noch dat de brêge in protte leven makket wannear't der in auto oerhinne giet.

Gemeentebelangen yn Boarnsterhim wol dêrom no dat de gemeente mei in oplossing komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)