Pieter Weening goed yn Alpen

23 jul 2008 - 19:11

Pieter Weening hat him woansdei yn de 17e etappe fan de Tour de France goed sjen litten. Yn de keninginnerit mei trije hege bergen en de einstreek op l'Alpe d'Huez waard hy 24ste. Mei in achterstân fan goed 9 minuten kaam hy achter winner Carlos Sastre oer de einstreek. Sastre is ek de nije drager fan de giele liederstrui.

Yn it algemien klassemint stiet de ynwenner fan De Harkema no op it 64ste plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)