Snits betanket Offenwiersters

© Omrop Fryslân
It kolleezje fan Snits hat alle ynwenners fan Offenwier útnoege foar de lêste SKS-wedstriid. Dy is freed op de Snitsermar. De gemeente wol de Offenwiersters sa betankje foar de meiwurking by it skûtsjesilen en de Snitswike. Der is altyd in soad ferkearsdrokte yn en om it doarp mei dizze evenminten.
Neist de útnoeging foar de wedstriid ha de ynwenners ek twa kaartsjes foar it pontsje nei it starteilân krigen.