Plannen betocht foar Ofslútdyk

kabinet freget plannen foar Ofslútdyk
Wynmûnen op de kop fan de Ofslútdyk en navidukten yn plak fan slûzen. It binne plannen fan yngenieursburo Oranjewoud. Rykswettersteat frege ferskate bedriuwen in plan te meitsjen foar de Ofslútdyk yn it jier 2100. Oranjewoud wurke gear mei Buro Noordpeil en GDA Architecten.
In stjoergroep ûnder lieding fan steatssiktaris Huizinga bepaalt yn septimber wa't trochgiet nei de folgjende faze. It kabinet krijt yn desimber advys oer de plannen.