Mooglik hjitteweach op komst

23 jul 2008 - 11:11

Nei it minne waar fan de ôfrûne wiken krije we no mooglik in waarmteweach. Neffens waarman Pyt_Paulusma binne de kommende sân dagen temperatueren te ferwachtsjen fan boppe de 25 graden.

De twadde helte fan nije wike soe it kwik sels boppe 30 graden útkomme kinne. Dêrmei is dan offisjeel sprake fan in hjitteweach. Dat hinget noch wol ôf fan mooglike tongerbuien. Dy soene de temperatuer noch wat drukke kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)