Pompeblêden yn de Gay Pride

23 jul 2008 - 06:41

Yn de grêften fan Amsterdam binne op sneon 2 augustus in protte pompeblêden te sjen. Op dy dei wurdt de ferneamde boateparade fan de Gay Pride hâlden. Dit jier docht de gemeente Ljouwert mei it Ljouwerter skûtsje mei oan dizze saneamde Canal Parade.

De gemeente wol dêrmei Ljouwert noch mear op 'e kaart sette as homo-tolerante stêd. It moat in fleurich en kleurryk spektakel wurde op it skûtsje. De pompeblêden moatte dêrby in promininte rol krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)