Gjin paad nei mole Marrum

22 jul 2008 - 21:28
  • der komt gjin paad mei de mûne by Marrum

Der moat sa gau as mooglik wer in paad nei de wettermole yn Marrum ta komme. Dat wol Doarpsbelang Marrum, sadat minsken wer maklik by de mole komme kinne.

It paad waard in pear jier lyn fuorthelle troch de eigner fan it hûs neist de mole. Mar neffens doarpsbelang mei dat net. De grûn is wol fan him, mar Stichting De Fryske Mole is eigner fan it paad. Doarpsbelang freget de stifting no opnij juridyske stappen te ûndernimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)