Waadsubsydzje boer en fisker

22 jul 2008 - 20:20

Boeren en fiskers dy't ynvestearje wolle yn it Waadseegebiet kinne tenei subsydzje oanfreegje by it Waadfûns. Dat makke it ministearje fan Miljeu tiisdei bekend. Oant no ta koene allinnich gemeenten, stiftingen en partikulieren om jild freegje by it fûns.

Der is alle jierren 33 miljoen euro beskikber. Dat kin brûkt wurde foar ynvestearings yn de natuer of de ekonomy yn it Waadseegebiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)