Pasjinten wolle lúkser MCL

© Omrop Fryslân
De pasjinten fan it MCL-sikehûs yn Ljouwert wolle mear lúkse hawwe op de ôfdielings. It giet dan bygelyks om in bettere tillevyzje by it bêd en snacks by de kofje. Dat docht bliken út in eigen ûndersyk troch de fasilitêre tsjinst fan it sikehûs.
Pasjinten jouwe it sikehûs op dit stuit in 7,5, mar it MCL wol eins nei in 8,5. Mei de ekstra lúkse wol it MCL by de bêste fiif sikehûzen fan it lân komme.