Sjauffeur Bolt noch net frij

Bolt noch moanne sitte troch flater
Harnzer sjauffeur Klaas-Jan Bolt kin op syn betiidst oer in moanne frijkomme út de Franske gefangenis. Bolt, dy't ta fiif jier feroardiele is foar drugssmokkel, hat syn straf al útsitten. Mar wylst guon oare fertochten yn deselde saak al wer frij omrinne, sit Bolt noch hieltyd fêst yn de beruchte gefangenis fan Bordeaux.
Om't er twatredde fan syn straf útsitten hat, hat Bolt rjocht op frijlitting. Mar de Frânske justysje hat in flater makke.