Rekreaasje skealik foar fûgels

22 jul 2008 - 12:25

Natuergebieten dêr't in soad fûgels libje en briede soene better beskerme wurde moatte tsjin rekreanten. De fûgelbeskerming hat fjouwer jier lang ûndersyk yn de wetlands yn Nederlân dien nei de ynfloed fan rekreanten op fûgels. Dêrút docht bliken dat fytsers, kuierders, boatsjefarders en kitesurfers de fûgels fersteure.

De fûgelbeskerming hat al oerlis mei ûnder oaren kitesurfers om dat yn de takomst safolle mooglik foar te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)