Mear dielnimmers Snitswike

© Omrop Fryslân
It giet goed mei de Snitswike. De organisaasje ferwachtet dat der dit jier mear boaten meidogge as ferline jier. Der is foaral in stiging te sjen by it tal ienpersoansboaten dat meidocht. Neffens de organisaasje spilet ûnder oaren it skoallesilen in rol by it heger wurdende tal inskriuwings.
Ek binne der twa klassen nei ôfwêzigens werom. De 22m2 klasse is nei in jier werom, de TOPklasse docht nei leafst 35 jier wer mei.