TV-spesjal oer moardner Ooms

21 jul 2008 - 15:38
  • Marinus Ooms, fermoarde yn oktober 2006

It televyzjeprogramma Opsporing Verzocht jout tiisdeitejûn omtinken oan Reggy K., de man dy't koartlyn feroardiele waard ta in straf fan 18 jier foar de moard op Marinus Ooms út Haulerwyk.

De spesjal hyt 'Het verloren leven van Reggy' en giet yn op it libben fan Reggy. Dêrneist komme alle feiten fan de moard noch wer ris foarby. De útstjoering is tiisdei te sjen om 21.50 op Nederlân 1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)