Skûtsjesilen Wâldsein ôflast

21 jul 2008 - 14:37

It skûtsjesilen op Wâldsein giet moandeitemiddei net troch. Mei wynkrêft 5, 6 en útsjitters nei 7 is it net ferantwurde in wedstriid te silen. Earder soe de start noch útsteld wurde, mar no is de wedstriid hielendal ôflast.

De wedstriid yn Starum waard sneon ek ôflast troch de te hurde wyn. Dy wedstriid wurdt kommende tongersdei moarns om 10.30 oere op 'e Lemmer ynhelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)