Kat mei bysûnder lûd op Skier

21 jul 2008 - 13:30

De famylje Frijters fan Skiermûntseach hat in hiel bysûnder katsje yn hûs. It jonge poeske, fan in wike as fjouwer, fiif, miauket net sa't jonge katsjes dogge, mar makket in hiel oar lûd.

De famylje krige it poeske ferline wike yn 'e hûs. It wie fûn troch in toeriste út Switserlân, yn de Kobbedunen, oan de eastkant fan it eilân. Dêr binne in soad seefûgels, en dêr hat it poeske goed nei lústere, want it bistje makket krekt sa'n lûd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)