Kollumer fan de dyk helle

21 jul 2008 - 11:23

De plysje fan Grins hat sneintenacht in 39-jierrige automobilist út Kollum fan de dyk helle. De man ried op de Panserweg yn Vierhuizen doe't er troch de plysje oanhâlden waard foar in kontrôle.

By de kontrôle die bliken dat syn auto net fersekere wie en ek net APK-keurd. Dêrneist hie de Kollumer ferskate boetes noch net betelle. De man moast syn DNA ôfstean. Hy is oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)