Man ferlient bus gjin foarrang

© Omrop Fryslân
In 61-jierrige man út Bûtenpost is sneon ferwûne rekke by in ûngelok yn it Grinzer Vierhuizen. De man ferliende op in krusing op de provinsjale dyk N361 gjin foarrang oan de bestjoerder fan in bus, wêrtroch't beide op elkoar klapten.
De man út Bûtenpost moast troch de brânwacht út syn auto helle wurde. Hy is nei it sikehûs brocht.Syn passazjier, in 68-jierrige plakgenoat, hie neat. Ek de bussjauffeur en syn fiif passazjiers rekken net ferwûne.