Rydbewiis kwyt troch drank

© Omrop Fryslân
In 53-jierrige Ljouwerter moast sneintejûn syn rydbewiis ynleverje. De man hie op de Troelstrawei hast in oanriding feroarsake mei in 25- jierrige Ljouwerter. Dy hie dêrtroch skea oan syn auto oprûn en belle de plysje, om't de oare automobilist trochriden wie.
Doe't de plysje de man by syn hûs oanhâlde die bliken dat der drank yn it spul wie. In blaastest befêstige dat en de man koe syn rydbewiis ynleverje.