Bedriging op 'e Lemmer

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintenacht in Lemster (28) oanhâlden yn syn eigen wenplak. De man wurdt der fan fertocht dat hy in 39-jierrige plakgenoat mei in fjoerwapen bedrige hat.
De twa wiene yn in kafee op de Kortestreek, doe't se spul krigen. De manlju giene nei bûten, dêr't de 28- jierrige man syn wapen luts. De oare man goaide dêrop in fyts nei de fertochte en naaide út. De fertochte waard efkes letter oanhâlden troch de plysje. Hy sit fêst op it buro.