Trio Vd Meulen wint Rengersdei

Teake Triemstra kening (foto M. de Jong)
It partoer Johan van der Meulen, Herman Sprik en Taeke Triemstra hat snein de Rengersdei yn Ljouwert wûn. Se keatsten yn de finale tsjin Simon Minnesma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra.
It partoer Van der Meulen wûn de finale op 5-3 en 6-4. De lytse preemje wie foar Jan Dirk de Groot, Renze Hiemstra en Alle Jan Anema. Taeke Triemstra waard útroppen ta kening. It is de twadde oerwinning fan dit seizoen foar it partoer Van der Meulen.