Blamaazje foar SC Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean hat sneontejûn ferrassend ferlern fan earstedivizionist FC Eindhoven. De ploech fan trainer Trond Sollied gie yn de oefenwedstriid keihurd ûnderút mei 4-0. Hearrenfean spile wol in grut part fan de wedstriid mei 10 man, om't keeper Brian Vandenbussche krekt foar it skoft in reade kaart krige.
De goals fan Eindhoven waarden makke troch Nelemans, Caracciolo, Prins en Koç.