Wim Stroetinga wint Borger

Wim Stroetinga de sterkste yn Borger
Wim Stroetinga fan Aldeberkeap hat sneontejûn it kritearium fan Borger wûn. De hurdfytser dy't takom jier prof wurdt by Milram wie de rapste fan in kopgroep fan fiif man. Dy fiif wiene allegear Friezen. Lieuwe Westra fan Mûnein waard twadde, Niek Hooghiemster fan Oentsjerk tredde.
Krekt njonken it poadium einigen Sierd Steigenga fan Eksmoarre en Fokke Postma fan Drachtsterkompenije.