Helmholt kening yn Burgum

19 jul 2008 - 22:38
  • Kening, prins en keningin (foto De Jong)

Fierljepper Bart_Helmholt fan Hurdegaryp is sneontejûn kening wurden by de keningsljepperij yn Burgum. Mei 19.95 wûn hy de finale, dêr't alle ljeppers wer 'op 0' begjinne moasten. Yn de foarrondes sprong Helmholt syn earste 20 meter sprong fan it seizoen (20.23), mar dy jilde dus net mei foar de finale.

By de froulju gie de keninginnetitel nei Anna_Jet_Leyenaar fan Snits (13.77). By de jonges waard Albert_Jan Venema fan Feanwâlden prins (16.85).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)