Chris Wassenaar brekt rekord

It partoer fan Jan Dirk de Groot, Auke van der Graaf en Chris Wassenaar hat sneontemiddei yn Makkum it haadklasse keatsen wûn. Se wûnen yn de finale mei 5-3 en 6-6 fan it partoer fan Rutmer van der Meer, Tjitte Bonnema en Daniël Iseger.
Chris Wassenaar wûn sneon syn 84e keningstitel en ferbruts dêrmei it rekord fan Hotze Schuil. Dit wie foar him de fjirde krâns yn seis dagen tiid. Earder dizze wike wûn er al yn Boalsert en twa kear yn Minnertsgea.