Fernielings Terherne en Dokkum
In 15-jierrige ynwenner fan Terherne is yn de nacht fan freed op sneon oanhâlden foar it fernielen fan trije auto's yn syn wenplak. Op de Syl soe de jonge oer de auto's hinne rûn wêze.
In 17-jierrige Dokkumer is letter yn de nacht ek oanhâlden foar fernielerij. Hy soe yn syn wenplak ûnder oare in fyts fernield hawwe.