Gefaarlike situaasjes op strân

19 jul 2008 - 12:56

Der kinne gefaarlike situaasjes ûntstean op it strân fan Warkum. Sûnt de gemeente Nijefurd in hikke pleatste om auto's fan it strân te kearen, kinne der no ek gjin ambulânses mear del.

Dat gong ferline wike snein hast mis. In kitesurfer foel doe mei de holle op in sânplaat en moast fersoarge wurde. De hikke koe net iepen omdat der net ien wie dy't 'm iepen meitsje koe. De gemeente sil besjen hoe't dit probleem oplost wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)