Bolt set advokaat oan 'e kant

De Harnzer frachtautosjauffeur Klaas-Jan Bolt hat syn advokaat Han Vallenduuk oan de kant set. Bolt sit al trije jier fêst yn in Frânske finzenis op fertinking fan drugssmokkel en waard yn maaie feroardield ta fiif jier sel.
Om't er it grutste part fan syn straf útsitten hat, soe er frijkomme kinne. Advokaat Vallenduuk soe net genôch dwaan om dat foar elkoar te krijen. Bolt sil no bystien wurde troch de Amsterdamske advokaat Teurlings.