Jansen oanfierder fan Cambuur

18 jul 2008 - 21:24

Ferdigener Rudy Jansen mei dit jier de oanfierdersbân drage by Cambuur. Trener Jurrie Koolhof hat it fertrouwen yn him útsprutsen. Twadde oanfierder is de fan FC Den Bosch oerkommen Paul Beekmans.

Rudy Jansen waard ferline jier hierd fan Excelsior en groeide út ta in fêste wearde yn it alvetal fan Koolhof. Beekmans wie by FC Den Bosch ek al oanfierder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)