Noch gjin pont by Keimpetille
Dit jier fart noch gjn pontsje by Keimpetille, tusken Dronryp en Sweins. De stifting Keimpetille hat it jild en de fergunningen noch net rûn. It projekt kostet sa'n twa ton. De helte fan dat bedrach is der al. It wachtsjen is noch op in boufergunning foar in ûnderkommen foar de skipper fan it pontsje.
De stifting hat goede hope dat it pontsje takom jier farre kin. Beswieren fan omwenners tsjin de komst fan de pont binne ôfwiisd.