Man stoarn by Earnewâld

© Omrop Fryslân
By kamping it Wiid yn Earnewâld is freedtemoarn in auto de haven ynriden, tsjin in speedboat oan. De bestjoerder wie krekt mei syn karavan ûnderweis, doe't er net goed waad. De man rekke fan de dyk.
Meiwurkers fan in ambulânse hawwe besocht om de man te reanimearjen, mar dat is net slagge. De man is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. Yn de speedboat sieten gjin minsken.