Ferskillende tariven gemeenten

nij paspoart is net djoer op Skylge
It oanfreegjen fan in nij paspoart is it goedkeapst op Skylge. Dat kostet de eilanners in lytse 35 euro. Dat is 14 euro minder as measte oare gemeenten. Dat docht bliken út ûndersyk fan it konsumintebûn.
It fernijen fan it rydbewiis is yn de gemeente Boarnsterhim djoer. Mei 60 euro is dat op ien nei de djoerste gemeente. Flylân is it goedkeapste, mei 26 euro. In úttreksel út de gemeentlike basisadministraasje is op Flylân fergees. Dat is unyk yn Nederlân.