Wolkom foar nije ûndernimmers

© Omrop Fryslân
Nije undernimmers yn Littenseradiel wurde tenei persoanlik troch de wethâlder wolkom hjitten. It idee foar dit 'ûndernimmerswolkom' is ôflaat fan de jûn foar nije ynwenners.
De earste groep wurdt dizze hjerst op it gemeentehûs útnoege. Sy kinne dêr yn 'e kunde komme mei de wethâlder, de foarsitters fan ûndernimmersferienings en de regiokonsulint. Alle jierren binne der 60 oant 70 nije ûndernimmers út Littenseradiel dy't harren ynskriuwe by de Keamer fan Keaphannel.