Driuwend ferlet fan personiel

De Kooijengagroep siket minsken
De Kooijenga-groep is driuwend op syk nei 100 man ekstra personiel. De Kooijenga Groep detasjearret minsken by gemeenten en provinsjes. It giet om wurk op de ôfdieling sosjale saken fan gemeenten.
De ôfrûne wiken hat de Kooijenga Groep in soad opdrachten binnenhelle. Mar it bedriuw hat no kwalik de minskkracht om dy opdrachten út te fieren. Dêrom wurdt no ek it eigen personiel ynset by de werving. Dy krije in preemje at se nije minsken fine.