Stroetinga tekenet by Milram

Stroetinga:ploechgenoat fan Erik Zabel
Hurdfytser Wim_Stroetinga fan Aldeberkeap tekenet in twa-jierrich kontrakt by de Milram ploech. Op dit stuit fytst hy foar de Ubbink-Syntec formaasje, mar fan 1 jannewaris ôf stiet hy ûnder kontrakt by Milram. Dêr wurdt hy ploeggenoat fan ûnder oaren Erik_Zabel en de Nederlanner Niki_Terpstra.
Op dit stuit riedt Stroetinga him ta op de Olympyske Spelen yn Peking. Dêr makket hy diel út fan de Nederlânske baanseleksje.