Aksje Laverman foar Bétancourt

17 jul 2008 - 13:52
  • Nynke Laverman sjongt foar Bétancourt

Sjongeres Nynke Laverman hat in single opnaam om de Frânsk-Kolombiaankse politika Ingrid Bétancourt in hert ûnder de riem te stekken. Tegearre mei har Kolombiaanske kollega Miquel Osorio hat se in ferske skreaun wêryn't se ek oandacht freget foar it lot fan de hûnderten minsken dy't no noch gefangen hâlden wurde troch de Kolmbiaanske guerriljabeweging FARC.

De single soe snein in soad draaid wurde moatte, omdat it dan de dei fan de frijheid is yn Kolombia.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)