DNA-test Foekje Dillema

17 jul 2008 - 10:41

In DNA-test sil útwize oft atlete Foekje Dillema fan Boerum in man of in frou west hat. It televyzjeprogramma Andere Tijden Sport makket snein de útslach bekend. Mei tastimming fan de famylje is DNA-materiaal ûndersocht. Op grûn dêrfan kin it geslacht mei 100 persint wissichheid bepaald wurde.

Foekje Dillema ferstoar in heal jier lyn. De atlete hie it rekord op de 200 meter, mar waard yn 1950 troch de atletykuny skorst, nei in omstriden seksetest.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)