Fjouwer hynders yn 'e sleat

17 jul 2008 - 10:02

De plysje hat woansdei op it Amelân holpen om fjouwer hynders út in sleat te krijen. In 69-jierrige koetsier út Buren kaam mei syn fjouwerspan oanriden doe't der ynienen in draak fanút de loft op de dyk klapte. De hynders rekken dêrtroch yn panyk en bedarren yn de sleat.

Ien hynder rekke ferwûne en waard troch de feedokter behannele. De wein en it túch rekken skansearre. De koetsier kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)